moandei, 31 augustus 2009
Griene Sjippe is in Frysk kabaretselskip oprjochte yn 1999 troch in oantal entûsjaste spilers út it amateurtoaniel wei. Yn it jier 2000 is harren earste produksje ‘Bel’ yn premiêre gien en sawol troch it publyk as parse tige posityf ûntfongen. Griene Sjippe hat ûndertusken al fjouwer prachtige en súksesfolle produksjes op 'e planken brocht. De ynhâld fan de foarstellings gean meastentiids oer it hanneljen fan aktuele saken, folksaardige typearringen fan de minske en har ferlangens dy't ôfspylje yn harren omjouwing. Werkenbere situaasjes, sketsen en lieten, wêr't it publyk harren sels yn de spegel werom sjocht.
Mei ienfâldige dekôrstikken, muzyk en teksten fan ferskate skriuwers út Fryslân, jong talint begelied troch betûfte âldere spilers, is Griene Sjippe al tolve jier aktyf dwaande. De produksjes wurde sawol yn Fryslân as bûten Fryslân tige posityf ûntfongen! Griene Sjippe spilet yn ferskate formaasjes en op de gekste lokaasjes, neat is te mâl. Griene Sjippe soarget, eltse kear op 'e nij, wer foar in nijsgjirrige, ferrassende foarstelling.
tiisdei, 15 maaie 2012
Achte Griene Sjippers, freonen en leafhawwers,
It is tiid foar nijs oer de fuortgong fan it nije kabaretstik fan Griene Sjippe.
De wurktitel sil wêze: "KRIMMENIKUS KRISIS"
Der binne in oantal skriuwers oanskreaun om nije stikken foar ús te meitsjen en der is in regisseuse frege om it nije stik mei de (nije en âlde) spilers te bewurkjen ta in fantastysk nij aventoer foar alle Griene Sjippe leafhawwers en meiwurkers.
We binne drok dwaande om yn it begjin fan 2013 it stik “Krimmenikus Krisis” op ‘e planken te krijen en oan it publyk sjen te litten en it liket der op dat it hiel goed slagje sil.
Hâldt ús op ’e kuer en folgje ús op dizze side.