Skip to main content

Teater Kollektief pakt de saken tige serieus oan en neat is harren te gek.

Teaterkollektief ''Griene Sjippe'' is in kabaret selskip, mei flitsende, aktuele, humoristyske teksten en lieten foar jong en âld. De ynhâld fan de foarstellingen gean meastal oer aktuele saken, wêrby folksaardige typearringen in byld foarmje fan werkenere situaatsjes, wêr't it publyk harren sels yn de spegel werom sjocht. 

De mix fan jonge talintfolle spilers mei âldere spilers dy’t harren al wier makke hawwe yn it amateurtoaniel/muzyk makket it dat ''Griene Sjippe'' in grut sukses is. 

''Griene Sjippe'' is al 25 jier aktyf dwaande mei kabaret. Sawol binnen as búten Fryslân wurdt ''Griene Sjippe'' eltse kear wer tige posityf ûntfongen.

''Griene Sjippe'' soarget foar jo, eltse kear op’ e nij, foar in nijsgjirrige, ferassende foarstelling. In ferskaad oan spilers hawwe in opstap krigen by “Griene Sjippe'' en harren wei fûn op it mêd fan muzyk en teater. Teater Kollektief pakt de saken tige serieus oan en neat is harren te gek.


Spiler:

Myn namme is Folkert Sijbrandij.

Hikke en tein yn Hidaard op in pleats njonken it ferneamde Kafee de Kliuw.

Myn legere skoalle stie yn Hidaard. En doe’t ik dy efter my litten hie, wie de MAVO yn Wommels myn ferfolch skoalle. Al mei al in moaie tiid!

Ik wie gek mei kij en omdat wij der genôch fan hiene gie ik nei de Lânbouskoalle yn Snits. En sa kaam it dat ik op myn njoggntsjende jier al yn de buorkerij stapte.

Njonken kij hie ik in passy foar toniel. It lyts Hidaard hie altiid te min spilers dus amper drûch achter de earen stie ik dêr al op de planken.

Sels stikjes betinke die ik ek graach. En sa kaam fan it iene it oare.

En no fjirtich jier letter haw ik teater stikken skreaun, solo stikken spile en mei wurke oan ferskate produksjes.

Myn absolute hichtepunt is fansels Elk Sines.  De teater foarstelling dy’t twa kear in reprise meimakke.

Dêr njonken song ik fiif jier yn Keamerkoar Littenseradiel.

En no kabaret.  In oare passy dy’t troch it skriuwen op de eftergrûn rekke is. Frysk kabaret. Want nei Rients en lytse Teake is it akelig stil op dit gebiet.

Ik haw der sin yn!

Groetnis Folkert

Muzyk

  • Erwin Hendriks

Rezjy-Artistyklieder

  • Hotze Karsten