Skip to main content

REUNY 25 jier Griene Sjippe sneon 19 okt. 2024!

Plak: Houthandel, P.Boersma, Winsum.
Opjaan fia: 
Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken. of skilje , 06-15167080


Koppen mei Spikers!

Moarnsier en betiid stowe se ús foarby, yn harren buskes.Links of rjochts ynhelje makket harren neat út.....Bakje kofje op it dashboard,peukje yn e’ mûlshoeke en it holtsje noch heal yn’e  sûs hingjend tsjin it autorút op wei nei harren lokaasje.Stoere hurd wurkjende mannen.Mannen mei ien doel: Bouwe,ús Boufakkers! Altyd warber,wy kinne der net sûnder. Op de bou of by in oerenien oan it wurk, mar thús........

By winterwaar,rein of hurde wyn it makket harren ek neat út.Heech op de steigers steane se dan te wrotten.By simmer waar it  boarst bleat en stoer eachjend nei de froulju, mei de boar yn’e oanslach en radio Nl op de eftergrûn.Fol mei humor en grappen. Freeds of troch wike oan in bakt fiskje of kafetaria food. Dat binne de boufakkers!

Hotze Karsten hat in ferskaad oan skriuwers ré fûn om hjirre in pracht fan in produksje oer te skriuwen: De boufakers,mei prachtige wjêrkenbere muzyk en herkenbere teksten en situaasjes.Fol mei humor wêr’t yn it publyk en de bou in wichtich plak yn nimt. Skriuwers binne: Sietse de Vries, Anja Steegstra, Hotze Karsten, Renee Fokkema,Erwin Hendriks en Folkert Sijbrandij. De muzyk stiet ûnder lieding fan: Erwin Hendriks.Jocht& lûd , Marius del Grosso.Rezjy Hotze Karsten

Datums ûnder foar behâld: 18 /19 okt.; 25/26 okt.; 1/2 nov.; útrin 8/9 nov. 2024

Lokaasje: Bouwloads, houthannnel, Piet Boersma, Winsum!

Binnenkoart neier ynformaasje op: www.grienesjippe.nl , FB, ynstragram, webside Boersma Houthannel .


December 2023

It jier 2023 kin yn de boeken as in geweldich jier. We mochten yn ferskate doarpen spylje mei ús kabaretfoarstelling 'Bytsje Minder, Bytse Mear'. It wie in grut succes. We ha genoaten en we hoopje jim ek!

Yn de tuskentiid ha we net stilsitten. De earste gearkomsten bin al west, want: GRIENE SJIPPE BESTIET 25 JIER (YN 2024). Ferskate skriuwers binne benadere en de earste ideeën stean al op papier. Benijd wêr, wannear en wat? Hâld dan ús webside yn 'e gaten of folgje ús op Facebook en Instagram!