Ynlade Oplade (2007)

'Ynlade Oplade' is út need ûntstien. Wieke de Haan (koarte fryske ferhalen skriuwster) hat foar koarte yndirekte aktuele ferhalen soarge dy't Hotze Karsten bewurke hat ta gongbere sketsen en lieten. Sintraal stiene de deistige beslommeringen. Sport (nodic walking) ytferslaving en dûns. Prachtige klean soargen foar in moai gehiel. In protte spilers, út alle omkriten fan Fryslân wei, hawwe harren meiwurking ferliend. Mei in protte muzyk en lieten is dizze produksje mei entûsjasme ûntfongen by it publyk.


Meiwurkers

Rezjy: Hotze Karsten
Spilers: Thomas Bijlsma, Frouwke Kuipers, Klaas Siderius, Tsjam Epema, Nynke Andree, Ronald de Jong en Johan Hiemstra
Teksten: Piter Boersma, Wieke de Haan en Hotze Karsten
Muzyk: Johan Hiemstra, Klaas Siderius en Nynke Andree
Dûns: Marit Bamboe
Dekôr: Bouwbedrijf Andree, Hein Westerhof en Hotze Karsten
Lûd & Ljocht: Frederik van Dyk en Meine Bijlsma
Klean: Rinske van Huizen en Elise Vis
Grime: Yke Talsma


Koarte omskriuwing fan Ynlade Oplade

As jo troch in drokke winkelstrjitte rinne dan soene jo sizze der is gjin nee te keap. Drogisterijen priizgje ús de bêste en sûnste produkten oan, wêr’t jo slank, aktyf en jong troch bliuwe. Minsken rinne winkel yn, winkel út. De iene hat de tassen noch mear oerladen as de oare, mei allerhanne guod. Earne oars hingje jongelju wat byinoar om, mei in mobyltsje, sigaret, in fleske oan ‘e hals en de ‘wietlucht’ komt jo temjitte. Alderen kinne de jongelju fan tsjintwurdich net mear begripe en sprekke der skande fan. Wer earne oars stiet in man in ‘shagje’ te draaien, wylst syn frou yn in kleanwinkel dwaande is. Hja hat de hannen fol klean en is dwaande yn te laden, wylst har man mei niget sjocht nei de jonge froulju dy’t foarby komme. Wer oaren hawwe de tassen grôtfol en sjouwe harren bryk, opsyk nei in terraske om efkes op te laden en sjogge mei fernuvering hoe’t twa persoanen drok dwaande binne mei nordic walking. Sa kin men sjen dat elts dwaande is mei harren eigen ferslaving ‘Ynlade Oplade’. Dit binne ek de yngrediënten fan it stik 'Ynlade Oplade', in tige nijsgjirrich programma mei allerhanne beslommeringen út ús deistich bestean.


Understeand in muzykfragment en foto's út Ynlade Oplade

Plestik tassen