'Flits Flats' is skreaun troch in grut oantal skriuwers dy’t harren wier makke hawwe yn de fryske skriuwers wrâld. Sketsen mei in protte tsjinstellingen, djipgong, koartswyl en emoasjes dy’t it publyk djip reitsje. In pracht fan in prodyksje wêr’t it dekôr, ljocht en lûd foar in protte ferrassingen soarge.
Rezjy: Hotze karsten
Spilers: Eke Born, Douwe Hoekstra, Thomas Bijlsma, Tsjam Epema, Ronald de Jong, Nynke Andree en Johan Hiemstra
Teksten: Ytsje Hoekstra, Hans Brans, Bertus Klazinga, Ger Ottenhof, Foeke van Bruggen, Teake Posseth en Hotze karsten
Muzyk: Johan Hiemstra
Dûns: Rezjy
Dekôr: Hotze Karsten en Bouwbedrijf Andree
Lûd & Ljocht: Frederik van Dyk en Meine Bijlsma
Klean: Spilers en rezjy
Grime: Yke Talsma
Hawwe jo dat ek wolris, jo sitte efter it stjoer fan ‘e auto mei it kin hast op it dashboard, jo binne nochal wat hastich en dan… flits flats! Dêr leit ferdoarje wer sa’n dikke print op ‘e doarmatte. Men seit wolris yn ‘e folksmûle: It libben giet as in sneltrein foarby. Alles moat tsjintwurdich gysten en hasten, mar Griene Sjippe sil dêr in jûn feroaring ynbringe. Wy litte dizze trein efkes stopje by in halte, om jimme de rêst te gunnen om sa genietsje te kinnen fan 'Flits Flats'. In jûn mei de noadige koartswyl en emoasjes dy it pyblyk reitsje sille. Dus... efkes mei de stoel skowe,de fuotten langút, it gat wat ûnderút hingje litte, pipermuntsje yn ‘e mûle, de holle justjes skeef efteroer fanwege jo buorman dy’t krekt grutter is as jo en dan 'Flits Flats'. In noflike en foaral ûntspannen produksje!
Dream
Fiel dy frij