Bel (2000)

'Bel' wie de earste produksje fan Griene Sjippe, wat mei skreaun is troch de bekinde fryske boekeskriuwster Froukje Annema (yn neitins), tegearre mei Jabik Veenbaas, Marcel Andela en Hotze karsten. Yn Bel stean de folksaardige typkes sintraal yn harren dwaan en litten, mei as sintraal thema ‘Sykje dysels'. 'Bel' is in produksje wêryn de Fryske taal, kultuer en maatskippij troch it publyk werkent en ferstien wurde. Werkenbere lieten en sketsen makken der mei-inoar in skitterjend ôfwikseljend gehiel fan. Derneist soarge de betûfte dekorkonstruksje der foar dat de spilers en it stik noch tichterby it publyk kaam.


Meiwurkers

Rezjy: Hotze karsten
Spilers: Tsjam Epema, Thomas Bylsma, Johan Hiemstra, Douwe Hoekstra, Eke Born en Marcel Andela
Teksten: Froukje Annema, Jabik Veenbaas, Marcel Andela en Hotze Karsten
Muzyk: Marcel Andela
Dûns: Rezjy
Dêkor: Hotze karsten en RSG Snits (ûnder lieding fan Frans Knoop)
Lûd & Ljocht: Ale Mulder en Meine Bylsma
Klean: Janneke Landman, Tryntsje van Bruggen en Ria Hobert
Grime: Yke Talsma


Koarte omskriuwing fan Bel

Der bubbelt wat, it spettert, it brûst... Is it soap as is it sjippe? Is it glysterich en glêd as is it (eko) grien! It is hiel wat oars... Sa as de namme fan ‘e foarstelling 'Bel' ek al seit, wurdt de produksje bout út ‘sjippebellen’, ferskate ûnderdielen foarmje mei-inoar wer ien grut gehiel. Bel is in jûnfoljend programma, mar ek te foarmjen ta in koart part. Underwerpen as fruitseks, gefoelige jonges, werom nei de natoer en in kursus toothbrushpainting soargje foar in jûn fol humor.


Understeand inkele muzykfragmenten en foto's út Bel


Fruitseks

Griene blinen

It kabinet