Premiêre 'Ferdwaald' sit der op!

woansdei, 24 maart 2010

Mear as in wike nei de premiêre fan 'Ferdwaald', dy't plak fûn op sneon 13 maart yn 'e Wjukken te Mantgum, kinne wy as Griene Sjippers mei foldwaning werom sjen. In folle seal, goed publyk en moaie reaksjes makken it ta in tige slagge jûn!

 

No efkes rêstich oan dwaan en aanst wer fol enerzjy en wille der tsjin oan; tariede foar de earte útkeap yn Hylaard. De try-outs en premiêre hawwe goed fertuten dien. Rûnom yn Fryslân sille wy de boer op mei ús produksje 'Ferdwaald'. Hâld de aginda yn 'e rekken en kom it ek belibjen!

 

As binne jo sels op syk nei in jûnfoljend program grôtfol humor? Griene Sjippe stiet foar jo klear.

   

Twadde try-out 'Ferdwaald' grut sukses!

moandei, 08 maart 2010

Ofrûne sneon spile Griene Sjippe harren nije produksje 'Ferdwaald' foar de twadde kear foar publyk. Dizze twadde try-out wie net samar ien, de opbringst fan dizze jûn is nammentlik doneare oan it goede doel 'Stichting Hulpgoederen Roemenië - Garyp-Earnewâld'. Henk Kroes, ambassadeur fan Griene Sjippe wie der dan ek om it moaie bedrach fan 600 euro yn ûntfangst te nimmen.

De seal siet fol, de sfear wie tige goed en sawol publyk as spilers hawwe genoaten. Oankommende sneon 13 maart is de premiêre fan 'Ferdwaald' yn 'MFC De Wjukken' te Mantgum, ek dan hopet Griene Sjippe wer op in slagge jûn!

 

Wolle jo der by wêze? Reservearje tagongskaarten fia dizze webside as 0511 - 52 16 19, dan binne jo wis fan in plakje.


 

Henk Kroes ûntfangt 600 euro foar it goede doel 'Stichting Hulpgoederen Roemenië - Garyp-Earnewâld'.

   

Earste try-out 'Ferdwaald' NET yn Easterlittens mar yn Poppenwier!

tongersdei, 25 febrewaris 2010

Oeps….

De elektroanyske aginda fan it kafee 'Het Wapen van Friesland' te Easterlittens is it paad bjuster. Doe’t wy as Griene Sjippers koartlyn oan’e bonken ta ferklomme it kafee fan Easterlittens binnen stapten, dy bliken dat wy net de ferwachte waarmte fûnen. De aginda fan Karin en Jasper wie ferdwaald en liet in spoar fan argewaasje achter by de Griene Sjippers en wy krigen net wat der ôfsprútsen wie.

 

Hoe no fierder?

 

De navigaasje brocht útkomst en brocht ús mei faasje nei 'De Trilker' yn Poppenwier, wêr’t de aginda fan Teake en Jolanda gjin problemen mei Griene Sjippe hie en wêr’t wy mei waarmte en gastfrijens ûntfongen waarden. Toppie!

 

De earste try-out fan 'Ferdwaald' is no dan ek yn 'De Trilker' te Poppenwier en NET yn Easterlittens. Notearje it goed, foardat jo ferdwaald reitsje!

   

Griene Sjippe stress

tiisdei, 02 febrewaris 2010

Binne de klean al klear? Hoe komt it mei it programmaboekje? 'Teksten en nochris teksten leare'; ropt regisseur Hotze Karsten!

 

Griene Sjippe hat stress. Swittend, razend en laitsjend binne de spilers ferdwaald yn it stik. Wer moast ik ek alwer stean? Komt der no in liet of gean we troch... En wat dogge de mannen no wer dom. Froulju kwekke allinne mar. Ik moat plasse!?

 

Komt it wol op 'e tiid klear? 13 maart is de premiêre al!


Reservearje no kaarten foar de utfierings yn Poppenwier, Garyp as Mantgum en kom it sels belibjen.

   

Te keap: fûgelkouwe

sneon, 09 jannewaris 2010

Kondysje: kouwe sjocht der noch goed út
Ferkeaper: Thomas Bijlsma
Reden fan ferkeap: parkyt is dea

 

Priis: wat jo der mar foar oer hawwe. Kouwe moat fuort!

   

FERMIST! KLAAS UT PYLKJEWIERUM

tongersdei, 24 desimber 2009


Profylomskriuwing:
- lingte ca 1.80 m
- normaal postuer
- ljochte hûdskleur

Klean:
- spikerbroek
- read/swarte jas
- reade Sonnema mûtse
- swarte snieskuon

Hat by him:
- swart kofferke
- snieskeppe
- lânkaart

   

Benefyt foarstelling Garyp

snein, 20 desimber 2009

Griene Sjippe is al mear as tsien jier dwaande as Frysk kabaretselskip. Ik draach harren in waarm hert ta benammen om´t ien fan harren doelen is om jonge minsken, begelied troch âldere betûfte spilers, in kâns te jaan. Der bart yn Fryslân in hiel soad op it mêd fan toaniel, kabaret, sang en muzyk. Wat ha wy in rykdom. En dat moat ek sa bliuwe.

 

Op dit stuit binne fjouwer minsken drok dwaande mei de tarieding fan de nije foarstelling 'Ferdwaald'. Op 27 febrewaris 2010 is de earste try-out yn Easterlittens, de twadde is op 6 maart yn Garyp. Dat sil in benefyt foarstelling wêze. De opbringst giet nei de Stichting Hulpgoederen Roemenië 'Garyp-Earnewâld'.

 

Ik bin sels al twa kear meifytst nei Roemenië om jild yn te sammeljen foar dat doel. Ik hoopje dan ek dat de seal fan 'It Gea Hûs' útprotsje sil op dy jûn. Ik ferwachtsje in hiel moaie foarstelling.

 

Henk Kroes

   

Kursus blomskikken foar de kryst

sneon, 12 desimber 2009

Klaas syn frou jout in kursus blomskikken. Hiel leuk foar de froulju, foaral no't de kryst der alwer oan komt. Moaie kryststikjes foar op 'e tafel. Dat is wer ris efkes wat oars as Hynljipper skilderje as betonbakken. Lyket jo dit wol wat? Miskien tegearre mei de buorfrou? Skilje dan mei mefrou de Jong. Klaas wit it nûmer wol.

   

Henk Kroes ambassadeur fan Griene Sjippe

moandei, 07 desimber 2009

Bliid binne wy mei dit moaie nijs. Henk Kroes is ambassadeur fan Griene Sjippe wurden. Sa as by de measte minsken wol bekind, is Henk Kroes altyd drok yn it spier foar minsken dy't help brûke kinne. Ek Griene Sjippe wol hjirre oan bydrage. Op sneon 6 maart fersoargje wy dan ek in benefyt optreden yn Garyp. De opbringst fan dizze twadde try-out wurdt doneare oan de Stichting Hulpgoederen Roemenië 'Garyp-Earnewâld'.

   

Nije oanwinsten binnen Griene Sjippe

tongersdei, 01 oktober 2009

Regiseur Hotze Karsten, wurdt dit jier foar it earst bystien troch Tryntsje van Bruggen. Sy sil de taak fan rezjy assistinte/ynstekster op har nimme. De nije sound foar de produksje ‘Ferdwaald’ is yn hannen fan Wim te Groen. Hy komponearet passende ôfwikseljende lieten. En by in nij stik heare fansels ek nije klean. Dayna de Boer en Astrid Feringa sille alle Griene Sjippers yn in ferrassend jaske stekke.

   

Griene Sjippe is it paad bjuster

tongersdei, 01 oktober 2009

Jappie is fuort flein? Rasistyske hûnen? Ferdwale op ‘e ôfslútdyk? Fereale op ‘e navigaasjefreondinne? Spiler kwyt?

De spilers fan Griene Sjippe binne it paad bjuster. Sinjaleare yn it sintrum fan Grou binne hja drok op syk. Mar wêr nei? Kom it sels belibjen by de nije foarstelling ‘Ferdwaald'. De spyldata stean yn ‘e aginda.

   

Bestjoerswiksel

tiisdei, 01 septimber 2009

Freerk Andree hat, ein augustus, ôfskie nommen as bestjoerslid, mar sil op ‘e eftergrûn belutsen bliuwe. Wy hoeche him lokkich net hielendal te missen. Nij yn it bestjoer is Yolanda Lanting. Wy binne tige bliid mei har komst.

   

Repetysjes foar 'Ferdwaald' binne los

tiisdei, 01 septimber 2009

Ôfrune freed, 28 augustus, is de earste repetysje fan start gong. Eltse freed sille de Griene Sjippers no yn it spier wêze foar ‘Ferdwaald’. Op 'e foto stean de fjouwer spilers dy’t it nije stik op ‘e planken bringe sille. Linksboppe Thomas Bijlsma, rjochtsboppe Nynke Andree, linksûnder Ronald de Jong en rjochtsûnder Tsjam Epema.